Drankrider giet troch read en rydt fuotgongers hast oan

Autoride ûnder ynfloed
De Ljouwerter plysje hat freedtenacht in 27-jierrige autobestjoerder út Tytsjerksteradiel oanhâlden dy't mei tefolle drank op achter it stjoer siet. Hy gong troch read op it Suderplein yn Ljouwert en dêrnei ried er foar it stasjon hast in groep fuotgongers fan de sokken. Op de Willemskade koe de plysje him steande hâlde. Op it buro die bliken dat de man al earder ris pakt wie foar it riden mei tefolle drank op.