Restauraasje Oosterbrêge yn Harns duorret langer

De Oosterbrêge yn Harns © Jannette van der Ploeg
De restauraasje fan de Oosterbrêge yn Harns duorret goed seis wiken langer as pland. De brêge is der minder oan ta as tocht waard. Der moatte mear ûnderdielen ferfongen wurde. Autobestjoerders kinne no pas heal juny oer de brêge. De bedoeling wie earst begjin maaie.
It útstel is in finansjele tsjinfaller foar de monumintestichting dy't de eigener fan de brêge is. It wurdt hiel dreech om binnen it budzjet te bliuwen, seit in wurdfierder. Om hoefolle jild it krekt giet, dat woe er net sizze.
De stichting hat sels gjin finansjele middels. In eventueel tekoart soe by de gemeente Harns wei komme moatte.
De Oosterbrêge leit oer de Zuidoostersingel en ferbynt it Franekereind en de Frjentsjerter Feart. De monumintale brêge is boud yn 1908. De restauraasje fan de brêge stiet net op himsels. Yn 2016 is de Franekereindsbrêge restaurearre en as de Oosterbrêge klear is, begjint de restauraasje fan de Singelbrêge.