Sven Kramer begjint goed mei 500 meter op WK

04 mrt 2017 - 14:18
Sven Kramer - Foto: ANP

Sven Kramer is mei it achtste plak op de 500 meter goed begûn oan it WK allround yn Hamar. De reedrider dy't foar de njoggende kear de wrâldtitel pakke wol klokte 36.41. De koartste ôfstân waard wûn troch de Japanner Shota Nakamura mei in pr fan 36.00. De Poal Konrad Niedzwiedski waard twadde yn 36.22 en de Noar Sindre Henriksen tredde yn 36.23. Patrick Roest ried ek in pr, 36.27, goed foar it fjirde plak. Jan Blokhuijsen waard sechsde mei 36.34.

(Advertinsje)
(Advertinsje)