"Foks is te tûk foar in stek"

Mei in stek de foks út de greidefûgelgebieten hâlde, dat helpt net, seit Titus Sijmonsma fan de Fryske jagersferiening. Steatsboskbehear hopet mei it pleatsen fan sa'n stek om in greidefûgelgebiet hinne, de foks tsjin te hâlden. It giet om in proef, mar de ferwachtingen binne heech. Steatsboskbehear ferwachtet dat troch it fokse-stek fan 't maitiid mear pykjes grut wurde kinne. Mar jager Titus Sijmonsma hat der gjin betrouwen yn. "In foks is in te tûk bist hjirfoar, " sa seit Sijmonsma.
"Hy kin swimme, hy kin springe. Dus hoe dan ek, ik tink dat as er echt wol dan komt er it stik lân wol yn. En as wy in gebiet ôfskermje wolle, dan ferpleatse wy it probleem nei in oar plak."
Sijmonsma die de útspraken wylst er mei Buro de Vries op 'en paad wie. Dy reportaazje, oer de foksejacht en it belang fan ûndersyk nei ynfeksjesykten by foksen, hearre jo snein yn Buro de Vries eefkes nei 11 oere.