Naomi van As yn aksje tsjin dronken sporters

It gebeurt noch te faak dat sporters nei harren wedstriid yn de kantine oan it bier sitte en dêrnei dochs yn 'e auto stappe. Dêrom set yn Fryslân in Bob-sportkampagne útein dy't sporters wiist op harren ferantwurdlikheid. De bêste hockeyster fan 'e wrâld, Naomi van As, joech de ôftraap. "Sport is natuurlijk sociaal en gezellig, en mensen moeten helemaal zelf weten of ze alcohol drinken of niet, al helemaal tijdens de derde helft. Maar het feit dat je dan daarna niet achter het stuur gaat dat is vooral erg belangrijk."