Ireen Wüst twadde, Antoinette de Jong sânde op 500 meter

Ireen Wüst hat op de iepeningsôfstân, de 500 meter, op it WK allround yn Hamar mei 38.82 de twadde tiid riden. Yn de lêste rit koe se de Japanse Miho Takagi lang net byhâlde. Takagi wûn de ôfstân mei 38.15, in pr. Antoinette de Jong waard sânde yn 39.56. Fjouwerfâldich wrâldkampioene Martina Sábliková stelde teloar. Se waard mei 40.11 trettjinde. Marije Joling waard fyftjinde yn 40.23.