Studinten noch te min miljeubewust

04 mrt 2017 - 12:44

Studinten binne faak noch temin miljeubewust. Dat seit Rob van der Veer van de NHL. Hy is mei 25 oare Ljouwerter studinten yn aksje foar de kampanje Fryslân Fossylfrij Bewege. De bedoeling fan de kampanje is dat yn ús provinsje yn de earste twa wiken fan july 2018 hielendal gjin gebrûk makke wurdt fan ferfier dat rydt op fossile brânstoffen. Van der Veer sjocht dat der by jongeren in omslachpunt is as it giet om miljeubewust libjen: "De measte jeugd pakt wol de fyts, mar sadra't se in rydbewiis hawwe pakke se dochs wol de auto."

Trefwurden: 
miljeu duorsum
(Advertinsje)
(Advertinsje)