Brân oan de Koperslagerstrjitte yn Snits

04 mrt 2017 - 11:48

Yn in bedriuwspân oan de Koperslagersstrjitte yn Snits hat sneontemoarn koarte tiid brân west. By de brân kaam in soad reek frij. De brânwacht wie mei meardere weinen ûnderweis om it fjoer te bestriden. It soe gean om in timmerbedriuw op it yndustryterrein oan de râne fan de stêd. Der wiene gjin minsken mear yn it gebou oanwêzich.

Trefwurden: 
brân Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)