Gefaarlike situaasjes troch efterfolging

04 mrt 2017 - 11:05
Foto: ANP

By in efterfolging tusken Lauwerseach en Dokkum binne sneontemoarn meardere gefaarlike situaasjes ûntstien. In 29-jierrige automobilist út Frjentsjer naaide mei hege snelheid út foar de plysje. Oare autoriders moasten remje of útwike om in oanriding foar te kommen. De Frjentsjerter ried hurder as 140 kilometer yn de oere. By Dokkum koe er oanhâlden wurde, nei't er mei syn auto fan de dyk rekke. Plysjes hawwe in bloedproef by him ôfnaam, om't se tinke dat er drugs brûkt hie.

Syn auto en syn rydbewiis moast er ynleverje.

Trefwurden: 
plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)