Meardere brannen yn Damwâld

04 mrt 2017 - 08:04
Autobrân yn Damwâld - Foto: De Vries Media

Yn Damwâld binne yn de nacht fan freed op sneon yn koarte tiid ien auto en twa boukonteners folslein útbaarnd. De plysje slút net út dat der in brânstichter oan it wurk west hat. Der wurdt op dit stuit socht nei tsjûgen. De konteners stiene tsientallen meters by inoar wei, en de auto stie hast oan de oare kant fan it doarp.

De brânwacht hat it fjoer útmakke.

Trefwurden: 
brân Damwâld
(Advertinsje)
(Advertinsje)