Protte skea troch skoarstienbrân yn Britsum

04 mrt 2017 - 08:00
Skoarstienbrân - Foto: As Media

In wenhûs oan de Sillân yn Britsum is yn de nacht fan freed op sneon swier skansearre rekke troch in skoarstienbrân. Foar safier bekend is der net ien by ferwûne rekke. Doe't de brânwacht yn Britsum oankaam, stie it dak fan it hûs ek yn de brân. Fanút in heechwurker hawwe brânwachtminsken dakpannen fan it dak helle, sadat se dêrûnder goed blusse koene. Nei in oere hie de brânwacht it fjoer goed ûnder kontrôle. Hoe't de brân ûntstean koe, is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
brân Britsum
(advertinsje)
(advertinsje)