"Dramatisch dat we dit weggeven"

Teloarstelling en frustraasje freedtejûn by de spilers en trainer fan Sportklup Hearrenfean, nei it 2-2 lykspul tsjin kelderklant Go Ahead Eagles. Yn de lêste minút fan de reguliere tiid koene de Eagles troch in goal fan De Kogel de stân lyk meitsje. En dat nei't Hearrenfean foar it grutste part in prima twadde helte spile hie. Oanfaller Henk Veerman fynt dat de ploech de tsjingoal foaral harsels oanrekkenje moat.
"Wij moeten sowieso veel eerder die 3-1 maken, daar hebben we genoeg kansen voor gehad dus dit is echt aan onszelf te wijten vandaag. Je voelt het wegglippen, maar dit is echt dramatisch van ons dat we dit weggeven." Ek trainer Jurgen Streppel wie min te sprekken oer hoe't de ploech yn de lêste minuten fan de wedstriid mei de 2-1 foarsprong omgie: "Tachtig minuten heb ik lekker naar de wedstrijd gekeken, maar de laatste vijf minuten moeten we gewoon druk geven op de bal en dan lopen we achteruit. Dat vind ik eigenlijk onherkenbaar, dat is niet des Heerenveens."
Ljochtpuntsjes
Nettsjinsteande it teloarstellende resultaat wiene der dochs wat ljochtpuntsjes yn de wedstriid. Sa koe Real Madrid talint Martin Ødegaard himsels inkelde kearen goed sjen litte mei in tal goeie passes. Wêrfan ien ek yndie in goal oplevere. Mar ek supersub Henk Veerman hie in aksje yn hûs dy't nei de wedstriid noch bepraat waard. It slagge de Volendammer om tusken de ferdedigers fan Go Ahead Eagles troch te slalommen, om dan úteinlik de bal ek noch op goal te krijen, en in doelpunt te meitsjen. De spits, dy't krekt weromkomt fan in ferfelende blessuere, bleau der sels nuchter ûnder. "Het gebeurde eigenlijk een beetje automatisch dat de eerste verdediger afblokte, en daarna komt Schenk invliegen, dus ik had eigenlijk geen andere keuzes als deze. En gelukkig kwam er nog ruimte voor het schot."
Veerman
Dochs bliuwt der noch hieltyd diskusje oer de ynfalbeurten fan Veerman, en it kontrakt dat mar hieltyd net ferlingd wurdt. Neffens trainer Streppel is Veerman goed op wei werom nei folsleine wedstriidfitheid, mar mist er noch krekt in pear prosint om fuortendaliks in folsleine wedstriid mei te spyljen. Oer it kontrakt fan Veerman is Streppel dúdlik: "Volgens mij is het publiek gek met hem, sponsoren zijn gek met hem, spelers en trainers zijn gek met hem. Laten we niet zo moeilijk doen, het is aan Henk z'n zaakwaarnemer en Gerry Hamstra om daar een mooi verhaal van te maken. Voetbalinhoudelijk is Henk natuurlijk een goeie spits, zo simpel is het."