Kommissaris Brok sil finer earste ljipaai earje yn it fjild

03 mrt 2017 - 22:20

De nije kommissaris fan de Kening Arno Brok sil de finer fan it earste ljipaai earje yn it fjild, dêr't it ljipaai fûn is. Dat waard freedtejûn dúdlik op de ledegearkomste fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten. Deputearre Johannes Kramer brocht it stânpunt fan de provinsje oer it aaisykjen nei bûten.

Fierder hawwe de Fryske boargemasters, útsein Gerard van Klaveren fan Weststellingwerf, oanjûn dat se meidogge oan de seremoanje. It earste aai wurdt net meinommen, mar kommissaris Brok sil de finer earje mei in seremoanje by de daam fan it lân dêr't it aai fûn is.

Net meinimme

It BFVW hat foar dit jier gjin ûntheffing oanfrege foar it aaisykjen. Aaien meie net meinommen wurde en de klam leit op neisoarch. De seremoanjes foar it finen fan de earste ljipaaien fan provinsje en gemeenten binne bûten it fjild en beskieden.

Ferwachte

Foarsitter Rendert Algra fan it BFVW hie al ferwachte dat ek de nije kommissaris fan de Kening it earste ljipaai fan Fryslân yn ûntfangst nimme soe. De BFVW-foarsitter siet der net oer yn dat Brok 'like entûsjast' wêze sil as syn foargonger John Jorritsma.

(Advertinsje)
(Advertinsje)