UNIS Flyers wint earste wedstriid ienfâldich fan Zoetermeer

03 mrt 2017 - 22:06
Foto: Martin de Jong

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe freedtejûn de earste play-off wedstriid tsjin Zoetermeer Panters winnend ôfsletten. Yn it Thialf iisstadion waard it mar leafst 7-1 foar de Flyers. De Feansters hienen in sterke earste perioade en kamen al gau mei 4-1 foar. Yn it twadde part fan de wedstriid rûn UNIS Flyers út nei 5-1. Dêrnei kaam de ploech fan trainer Mike Nason net mear yn de problemen.

Sneon spylje beide ploegen wer tsjin inoar, dan wurdt de wedstriid yn Zoetermeer hâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)