Oanfaller Jan Hooiveld komt nei Harkemase Boys

03 mrt 2017 - 22:10
Harkemase Boys - Foto: awfoto.nl

Harkemase Boys hat in nije spiler fêstlein foar takom seizoen. It giet om de 29-jierrige Jan Hooiveld, dy't no noch spilet by HHC út Hardenberg, yn de twadde difyzje sneons. Hooiveld wennet yn Assen en spile mei syn eardere klups, ACV en WKE, al ferskate kearen tsjin Harkemase Boys.

De oanfaller kin sawol oan de linker- as rjochterkant út 'e fuotten, mar ek yn it sintrum fan 'e oanfal. De Harkiten steane op it stuit yn de middenmoat fan de tredde difyzje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)