SC Hearrenfean jout oerwinning yn slotfaze út hannen

03 mrt 2017 - 21:52

SC Hearrenfean hat freedtejûn yn eigen hûs mei 2-2 lyk spile tsjin Go Ahead Eagles. De ploech fan trainer Jurgen Streppel kaam nei goed in healoere op êfterstân. Yn de 32ste minút makke Hendriks it earste doelpunt foar de gasten út Deventer. Pas yn de twadde helte waard SC Hearrenfean hiel gefaarlik. Ynfaller Henk Veerman makke yn de 65ste minút lyk. Dêrnei setten de Feansters troch.

Nei in geweldige pass fan Odegaard sette Slagveer syn ploech yn de 70ste minút op foarsprong. Yn de slotfaze wie de thúsploech better en koenen de besikers út Deventer eins net mear meikomme, oant de 89ste minút. Troch in blunder fan keeper Mulder kaam de bal foar de fuotten fan De Kogel, dy't it punt foar Go Ahead feilich stelde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)