Bewenners Sint-Anne stride tsjin bou Aldi-supermerk

03 mrt 2017 - 21:43
Foto: ANP

De striid tsjin de bou fan in Aldi-supermerk yn Sint-Anne giet troch. Omwenners fan de eardere Ulbe van Houten skoalle hienen by de Ried fan Steat in boaiemproseduere oanspand. Se wolle de bou fan de winkel yn alle gefallen keare. De buertbewenners fine dat de gemeente It Bilt in flater makke hat troch in fergunning te jaan foar de bou fan de Aldi. Se sizze dat de supermerk te ticht by harren wenten komt en dat der sa lûdsoerlêst ûntstiet, troch it laden en lossen en it hinne en wer ride fan winkelweintsjes.

Ek wurdt beswier makke tsjin it iepenbier meitsjen fan it parkearterrein, mei romte foar 72 auto's. Yn novimber tsjinne der by de Ried fan Steat ek al in saak om de bou fan de Aldi-supermerk yn Sint-Anne te kearen. Dy earste slach ferlearen de beswiermakkers.

(Advertinsje)
(Advertinsje)