Fossylfrij Fryslân: ''Yn 2030 fossylfrij wêze''

Fryslân moat yn 2030 fossylfrij wêze. Dat wol de groep fan bedriuwen, bestjoerders, studinten en oare entûsjastelingen ûnder oanfiering fan Bouwe de Boer. Sy binne feriene yn de groep freonen fan Fossylfrij Fryslân. Op in gearkomste yn it WTC yn Ljouwert waarden de doelen fan de groep foar it fuotljocht brocht en stipe mei foarbylden wêrop dizze ambisjeuze enerzjytransyzje mooglik is.
In groep studinten fan de NHL joech it startskot foar de aksje Fryslân fossylfrij bewege. Dy hâldt yn dat elkenien yn Fryslân yn de earste twa wike fan july 2018, it jier dat Ljouwert kulturele haadstêd fan Europa is, gjin gebrûk makket fan ferfier dat rydt op fossile brânstof. De kommende wiken en moannen sille de freonen regelmjittich mei nijs oer harren inisjativen en aksjes nei bûten komme.