Kramer begjint tsjin Silovs op 500 meter WK allround

03 mrt 2017 - 20:20
Sven Kramer WK 1500m Gangneung - Foto: ANP

Sven Kramer begjint sneon op it WK allround yn Hamar op de 500 meter tsjin de Let Harald Silovs. Sa is freed by de lotting bepaald. Kramer start yn de sechde rit. Letter op de dei moat de achtfâldich wrâldkampioen allround ride tsjin de Italiaan Michele Malfatti. Hy docht dat yn de ien nei lêste rit.

Yn jannewaris fan dit jier wûn Sven Kramer al syn njoggende Europeeske allroundtitel.

(Advertinsje)
(Advertinsje)