Gemeentebelangen easket opheldering b. en w. oer Caparis

03 mrt 2017 - 19:43

Troch Gemeentebelangen yn Ljouwert is ynterpellaasje oanfrege oer de gong fan saken by sosjale wurkfoarsjenning Caparis. De partij is fernuvere oer, sa't se it sizze, de 'ramkoers' fan it gemeentebestjoer en dêrom wolle se kommende moandei by de riedsfergadering tekst en útlis hawwe. Dizze wike waard bekend dat de gemeente Ljouwert mei trije oare gemeenten in oantal grienwurkers fan Caparis oernimt. Dat ta ferbjustering fan de oare fjouwer gemeenten dy't yn de sosjale wurkfoarsjenning meidogge en dêr neat fan wisten.

Neffens Gemeentebelangen hie wethâlder Ekhart just tasein dat hy de ried folslein op 'e hichte hâlde soe fan de werstrukturearring. De partij is dan ek ferbjustere dat se de resinte gong fan saken by Caparis út de krante fernimme moasten. Der wurdt no opnij ûnrêst kreëarre, wylst it just de bedoeling wie dat de rêst werom keare soe by Caparis, sa sizze se. 

(advertinsje)