Advokaat Canoy: "Regeling pro Deo advokaten oanpasse"

De nije regeling foar pro Deo advokaten is noch gjin wike âld, mar no al fynt advokaat Bart Canoy fan Ljouwert dat it op 'e skeppe moat. Dat sei er yn it radioprogramma Weistra op wei by Omrop Fryslân. Sûnt dizze wike moatte minsken dy't 'onherroepelijk' feroardiele binne, mei 'terugwerkende kracht' de kosten betelje dy't it Ryk oan in pro Deo advokaat betelle hat. In kwealike saak, neffens Canoy.
As de plysje ien fertinkt fan in strafber feit, moat dy persoan fuortendaliks kieze oft er ek in advokaat yn de earm nimt, en hokker advokaat dat dan is, seit Canoy. Yn dy kar moat it risiko dat je alles wer werombetelje moatte net meispylje, fynt er. Canoy hopet dat der in klausule oan de regeling taheakke wurdt, wêrtroch't minsken yn bepaalde omstannichheden net hoege te beteljen.