Mear ynbraken yn Gytsjerk, ynwenners oproppen wach te wêzen

03 mrt 2017 - 18:26
Foto: Omrop Fryslân

Der wurdt de lêste tiid flink mear ynbrutsen yn Gytsjerk en de omlizzende doarpen. Dat meldt doarpskrante De Einekoer. Om hoefolle ynbraken it krekt giet, wurdt net melden. Wol wurde ynwenners oproppen de doarren goed op slot te dwaan en ruten ticht te hâlden as se de buorren yn geane. Ek wurdt frege jûns it ljocht oan te hâlden as der net ien thús is.

''We wolle de minsken net bang prate mar wol bewust meitsje'', sa seit de redaksje fan de doarpskrante. ''En as je wat fertochts opfalt, meldt dat dan oan de wykagint'', sa wurdt noch as tip jûn.

Trefwurden: 
Gytsjerk ynbraken ynbraak
(Advertinsje)
(Advertinsje)