Piter Jelles Ljouwert yntrodusearret digitale havo en vwo

03 mrt 2017 - 17:58
Foto: Omrop Fryslân, Margaretha Bijleveld

Learlingen fan it Piter Jelles lyseum yn Ljouwert kinne fan septimber ôf kieze foar in digitale havo- of vwo-fariant. Se wurkje dan foar alle fakken mei digitale learmiddels. Skoalbern riede har op dizze wize earder en better ta op leare en wurkje yn de digitale wrâld. Njonken de normale fakken leare se hoe't se programmearje moatte en oefenje se mei basis kompjûterprogramma's.

Neffens Piter Jelles is dizze skoalfariant geskikt foar famkes en jonges dy't it leuk fine om har fierder te ûntwikkeljen yn de digitale wrâld.

(advertinsje)
(advertinsje)