FNP: "Sportklups en boargers betelje tefolle foar stroom"

03 mrt 2017 - 17:04
Foto: Omrop Fryslân

De provinsje moat enerzjybedriuw Alliander en netbehearder Liander oansprekke op de hege tariven dy't sportklups en konsuminten betelje moatte foar har stroomoansluting. Dat fynt de FNP yn Provinsjale Steaten. Nei de oergong fan Enexis nei Liander is it taryf mei mear as tweintich persint omheech gien. Wylst doe sein waard dat de tariven nei ûnderen gean soene. Foaral maatskiplike organisaasjes, lykas sportklups, komme dertroch yn de problemen. De FNP fynt dat de provinsje as oandielhâlder fan Alliander en Liander om opheldering freegje moat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)