Fjirde fertochte oppakt yn Frankryk foar wenningoerfal Nes

03 mrt 2017 - 17:04

De plysje hat yn Frankryk in fjirde fertochte oanhâlden foar de wenningoerfal yn Nes (gemeente Hearrenfean), op 15 juny foarich jier. Dat hat it Iepenbier Ministearje freed bekend makke. It giet om in 39-jierrige Serviër. Hy is yn febrewaris al oanhâlden en juster yn Nederlân oankaam en nei Ljouwert brocht. De man is earst foar 14 dagen fêstsetten.

By de oerfal waard in soad geweld brûkt tsjin de 73-jierrige bewenner fan in hûs oan De Strikel. De dieders naaiden út mei antyk, wêrûnder sieraden en sulveren itensark. Earder waarden al twa fertochten út Emmen oanhâlden en in man út Klazienaveen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)