Cambuur werstelt fan dreun yn Alkmaar

De seleksje fan sportklup Cambuur trainde freedtemoarn yn it stadion yn Ljouwert. Fansels wie der noch sprake fan teloarstelling nei de útskeakeling yn de beker tsjin AZ tongersdeitejûn. Mar neffens trainer Sipke Hulshoff makken de spilers mentaal in goede yndruk. Hoe´t it fysyk stiet mei de spilers, wurdt yn de rin fan sneon dúdlik.
De medyske stêf lit dan oan de Cambuur-trainer witte hokker spilers wol en net beskikber binne foar de wedstriid fan snein tsjin Achilles '29 yn Groesbeek. It liket derop dat in tal spilers rêst krije sil.
Trainer Sipke Hulshoff fertelt freedtejûn ek syn ferhaal yn Fryslân Hjoed op Omrop Fryslân Telefyzje. Besjoch de útstjoering aanst hjir.