Fryske merje yn Wûns seksueel mishannele

03 mrt 2017 - 16:35

Yn Wûns is tongersdeitenacht in Fryske merje seksueel mishannele. De eigener kaam der efter troch in bloedspoar op it hiem. In feedokter hat it bist ûndersocht en konstatearre faginale ferwûnings. Op de fokkerij hingje yn alle stâlen kamera's, útsein de stâl wêr't dit hynder yn stie. De eigeners wenje op it hiem, mar hawwe neat fernaam. Der is oanjefte dien by de plysje. 

(Advertinsje)
(Advertinsje)