Jeugdreedriders kinne meistride om de Sulveren Bal

03 mrt 2017 - 16:13
Alvestêdehal - Foto: Omrop Fryslân, Andor Faber

De bêste jeugdreedriders fan Nederlân kinne dit jier ek meidwaan oan de striid om de Sulveren Bal yn de Alvestêdehal yn Ljouwert. Dêr is op 15 maart foar de twadde kear in wedstriid foar de bêste sprinters fan Nederlân. Se ride in wedstriid oer 100 meter en de winner krijt in sulveren bal. Der is dit jier noch net in folslein toernoai.

Wol komme de bêste trije jonges en famkes, yn de kategory B en C-junioaren fan it NK Supersprint, nei Ljouwert. Sy meie it toernoai iepenje mei ien race oer 100 meter. Takom jier moat der dan in folweardich jeugdtoernoai komme, njonken dat foar senioaren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)