Mobile groep 'Irish Travellers' sit op bungalowpark Heech

03 mrt 2017 - 15:51
Fakânsjepark Pharshoeke yn Heech - Foto: Omrop Fryslân

De saneamde 'Irish Travellers' dêr't de plysje fan Snits foar warskôget ferbliuwe op it stuit op bungalowpark de Pharshoeke yn Heech. Dat befêstigje sawol de eksploitant fan it park as de plysje. 'Irish Travellers' binne Ingelsktalige manlju dy't fan doar ta doar gean en oanbiede putsjes te dwaan. Se easkje somtiden lykwols hege bedraggen foar dien wurk, leverje minne kwaliteit en kinne agressyf wêze. Neffens de plysje binne der noch gjin meldingen binnen kaam, mar liede se wol de needklok om sa'n bende earder aktyf wie yn Wâldsein.

Skûlje foar de kjeld

Eksploitant Jaap Wolters fan bungalowpark De Pharshoeke fertelt dat der sûnt woansdeitejûn alve minsken, ferspraat oer trije húskes, yn syn park sitte. "Je weet van te voren natuurlijk nooit wie je gasten zijn. Woensdag kwamen er zeven mensen. Ze zeiden dat ze het te koud hadden in hun camper en daarom hier een maand in ons bungalowpark wilden verblijven. De volgende dag kwamen er nog eens vier gasten bij. Je hebt er dan natuurlijk wel een onderbuikgevoel bij."

Wykagint Barend van Rooij is op de hichte fan de útfanhuzers yn Heech. "Ook in Leeuwarden zijn dergelijke criminelen al gesignaleerd. Deze mobiele bendes zijn echter een groeiend, landelijk probleem." De minsken soenen noch gjin strafbere feiten pleegd hawwe en har ek fatsoenlik gedrage op De Pharshoeke. "Het enige wat we nu kunnen doen is in de omgeving extra surveilleren en de boel goed in de gaten houden bij De Pharshoeke," seit Van Rooij.

Fuort plysje belle

Van Rooij leit út dat mobile binden in útfalsbasis sykje fan wêrút se har kriminele aktiviteiten dwaan kinne. "Ze bieden dan aan om je dakgoot te legen voor honderd euro, maar als de werkzaamheden klaar zijn, zeggen ze bijvoorbeeld dat je duizend euro moet betalen en als je dat niet doet, dreigen ze met fysiek geweld." Van Rooij seit mei klam dat minsken fuort de plysje belje moatte as se fermoedzje dat se 'Irish Travellers' oan de doar hawwe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)