Rendert Algra: "Brok nimt it earste ljipaai yn ûntfangst"

03 mrt 2017 - 15:35
Foto: Omrop Fryslân, Joline Dalstra

Foarsitter Rendert Algra fan it Bûn fan Fryske Fûgelwachten (BFVW) ferwachtet dat ek de nije kommissaris fan de Kening Arno Brok it earste ljipaai fan Fryslân yn ûntfangst nimme sil. Algra seit dat yn oanrin nei de BFVW-ledegearkomste freedtejûn. De BFVW-foarsitter sit der net oer yn dat Brok 'like entûsjast' wêze sil as syn foargonger John Jorritsma. Algra sjocht Brok as immen 'mei each foar tradysje'.

Ferline jier kaam de kommissaris fan de Kening Jorritsma nei it earste ljipaai ta. It aai bleau dêrnei yn it nêst lizzen. It BFVW hat foar dit jier gjin ûntheffing oanfrege foar it aaisykjen. Aaien meie net meinommen wurde en de klam leit op neisoarch.

Beskieden seremoanje

De seremoanjes foar it finen fan de earste ljipaaien fan provinsje en gemeenten binne bûten it fjild en beskieden, neffens Algra. Deputearre Johannes Kramer sil freedtejûn op de gearkomste fan it BFVW it stânpunt fan de provinsje oer it aaisykjen nei bûten bringe, ferwachtet Algra.

(Advertinsje)
(Advertinsje)