Man mei scootmobyl de sleat yn

25 okt 2011 - 09:55
Foto: Omrop Fryslân

In 69-jierrige ynwenner fan Mildaam is moandei op de Jan Jonkmanwei yn De Knipe mei syn scootmobyl yn it wetter rekke. In frou dy't foarby kaam wie tsjûge fan it foarfal en se warskôge de helptsjinsten. Se soarge der ek foar dat de man mei de holle boppe wetter bleau.

Plysjeminsken en brânwachtlju ha it slachtoffer út de sleat helle. Hy is nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht.

(Advertinsje)
(Advertinsje)