500 euro boete foar 'fotoshoppende' Cambuursupporter

03 mrt 2017 - 15:17

In Cambuursupporter út it Dútske Haselünne moat in boete fan 500 euro betelje, omdat er in meiwurker fan Cambuur op Facebook misledige hat. Op Facebook wie de holle fan de manager feilichheidssaken fan de klup fotoshopt op in SS-uniform. "Tefolle eare foar har. In NSB-uniform hie better west", hie de fertochte derûnder set. De manager die oanjefte.

De foto wie in reaksje op in tal stadionferbodden dy't oplein wienen nei in wedstriid dêr't in reekbom by smiten wie. Guon minsken dy't it dêr net mei iens wienen, lieten dat witte op Facebook. Oare fertochten yn dizze saak hawwe wurkstraffen krigen. Omdat dat lestich is foar ien dy't yn Dútslân wennet, krige dizze man in boete fan de rjochter.

(advertinsje)
(advertinsje)