Nordwin College Ljouwert hat 26 nije learling-bemiddelers

03 mrt 2017 - 14:19

26 learlingen fan de oplieding vmbo Groen fan it Ljouwerter Nordwin College krigen tongersdei it sertifikaat 'leerling-bemiddelaar'. Dizze learlingen binne in healjier lang traind om te bemiddeljen by konflikten tusken learlingen.

De learlingen dogge dit 'mei de hannen op de rêch'. Sy moatte neutraal wêze, hiel goed harkje en de learlingen dy't spul hawwe helpe om sels in oplossing te finen foar it skeel. Hjirby wurdt wurke neffens in fêst protokol.

De makke ôfspraken wurde swart-op-wyt fêstlein en ek nei de tiid is der noch in petear om te bepraten oft de ôfspraken ek goed wurkje. By it bemiddelingspetear binne gjin dosinten oanwêzich.

Neffens dosint drama Wypkje Castelein wurket dizze oanpak hiel goed. It is foar learlingen folle leechdrompeliger om mei oare learlingen oer in konflikt te praten as om dat mei in dosint te dwaan. Learlingen by it Nordwin College binne dêr sa njonkelytsen ek oan wend. De learling-bemiddelers leare der ek in soad fan. Sy krije ynsjoch yn it ûntstean en oplossen fan konflikten en krije dêrtroch sels ek minder gau spul.

Groei

Foar it Nordwin College is it hiel handich om learling-bemiddelers te hawwen. De skoalle is de lêste jierren hurd groeid en sit no mei 600 learlingen tsjin de râne fan de kapasiteit. By de nije klúskes yn de skoalle wurdt gauris treaun en botst, omdat alle learlingen der faak tagelyk by wolle.

Learling-bemiddelers witte yn de regel goed wat der spilet op skoalle en binne ek by steat om konflikten betiid te sinjalearjen en út te praten. Learlingen dy't spul hawwe kinne in berop dwaan op bemiddelers, mar de bemiddelers kinne ek sels it inisjatyf nimme foar in petear as se in konflikt tsjinkomme. Ek dosinten kinne in berop dwaan op learling-bemiddelers.

Trefwurden: 
Nordwin College Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)