Fontein Snits komt dochs op it Hoogend, foar de Wetterpoarte

03 mrt 2017 - 13:42

De fontein fan Snits komt gewoan op it Hoogend yn Snits foar de Wetterpoarte, mar wurdt wol lytser. De fonteinkommisje fan de 11-Fountains hâldt fêst oan de lokaasje en tinkt dat der brede stipe is foar it plak en it ûntwerp fan de fontein.

In groep Snitsers fiert aksje tsjin it plak fan de fontein. Se fine dat it sicht op de Wetterpoarte dêrtroch bedoarn wurdt. De fonteinkommisje hat no it ûntwerp oanpast. De fontein wurdt in lytse meter leger.

Trefwurden: 
fontein 11Fountains Snits
(advertinsje)
(advertinsje)