Omrin freget nije fergunning oan foar hegere útstjit REC

03 mrt 2017 - 13:25
De ôffaloven REC yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Omrin hat in nije fergunning oanfrege foar de útstjit fan de ôffaloven yn Harns. Op it stuit mei de REC 177.000 kubike meter per oere útstjitte, mar dat blykt yn 'e praktyk folle mear te wêzen. Dêrom freget Omrin in nije fergunning oan foar de útstjit fan 230.000 kubike meter per oere.

Neffens Omrin is it effekt fan de hegere útstjit op de luchtkwaliteit minym. De provinsje sil de fergunning de kommende moannen beoardiele. Nei alle gedachten komt hjir yn augustus of septimber dit jier in beslút oer.

Trefwurden: 
Omrin REC ôffaloven Harns
(advertinsje)
(advertinsje)