Tweintich ideeën foar keunstwurk finishplak Alvestêdetocht

De finish fan de Alvestêdetocht op de Bonkefeart by Ljouwert © ANP, Catrinus van der Veen
By de Feriening de Friesche Elf Steden binne goed tweintich ideeën binnen kaam foar in keunstwurk by it finishplak oan de Bonke yn Ljouwert. De feriening wol it pleatse yn it ramt fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 en ek om't it bestjoer de stielen finishpeal dy't der no stiet 'suterich' fynt.
Neffens in wurdfierder sitte der tal fan moaie ûntwerpen by. Yn desimber makke de feriening bekend 30.000 euro stekke te wollen yn in monumint. Dat is ien euro per lid. Mids april makket de sjuery in kar út de ynstjoeringen.