Heal miljoen beskikber foar wieter meitsjen greidefûgellân

03 mrt 2017 - 12:25
Foto: Omrop Fryslân, Remco de Vries

De provinsje stelt in heal miljoen euro beskikber om wiete greidefûgelgebieten te kreëarren. Boeren en oare grûneigeners mei kânsryk greidefûgellân kinne fan takom moandei ôf subsydzje oanfreegje litte. Se moatte dan wol oansletten wêze by ien fan de sân agraryske kollektiven. Mei it jild moatte sy der dan foar soargje dat harren lân wieter wurdt, troch bygelyks it wetterpeil op it lân te ferheegjen. Wetterrykgebiet is goed foar greidefûgels. De subsydzje rint oant ein septimber.

(Advertinsje)
(Advertinsje)