Tûzenen âlde foto's fan Fryslân online op BeeldbankFriesland

03 mrt 2017 - 11:55
Hantum yn eardere tiden - Foto: BeeldbankFriesland

It Jouster regiomarketingbedriuw DeeEnAa hat dizze wike de webside BeeldbankFriesland lansearre. Yn de online byldbank binne tsientûzenen foto's fan Fryslân te finen. Se binne makke troch ferskate hobby- en profesjonele fotografen. De byldbank hat ek in kolleksje fan goed 18-tûzen âlde aansichtkaarten. Bauke Folkertsma fan DeeEnAa hopet dat de foto's brûkt wurde sille op websides yn de toeristyske sektor.

(Advertinsje)
(Advertinsje)