Plysje Snits warskôget foar 'Irish Travellers'

03 mrt 2017 - 11:11

De plysje fan Snits warskôget foar saneamde 'Irish Travellers'. Dit binne Ingelsktalige klusjesmanlju dy't fan doar ta doar gean en oanbiede putsjes te dwaan. Se easkje somtiden lykwols hege bedragen foar dien wurk, leverje minne kwaliteit en kinne agressyf wêze.

De plysje advisearret gjin saken mei dizze minsken te dwaan en kontakt op te nimmen mei de plysje as se oan de doar komme.

Trefwurden: 
Irish Travellers plysje Snits
(Advertinsje)
(Advertinsje)