Joop Atsma wurdt kommissaris by Groningen Seaports

03 mrt 2017 - 10:36
Joop Atsma - Foto: ANP

Joop Atsma fan Surhústerfean is beneamd ta kommissaris by Groningen Seaports NV. Hy wie foardroegen troch de provinsje Grinslân. Dêrneist wurdt Dertje Meijer út Amsterdam kommissaris. De gemeente Delfzijl hie har nei foaren skood. De ried fan kommissarissen fan Groningen Seaports NV is no wer kompleet.

Atsma is sûnt maaie 2015 lid fan de Earste Keamer. Dêrfoar wie er ûnder oare steatssekretaris fan Infrastructuur en Milieu. Groningen Seaports is de behearder fan de haven fan Delfzijl en de Eemshaven.

(Advertinsje)
(Advertinsje)