Kollum: "Hypermoderne beppes"

03 mrt 2017 - 08:19

"Ik ha in hekel oan winkeljen en oan boadskippen dwaan yn it bysûnder. Ik ferjit altyd myn briefke, ha nea in munt foar de karre, kin net kieze tusken de fjouwerentachtig ferskillende soarten sjem, keapje dingen dy ik net nedich ha en moat thús fjouwer treppen op heisterje mei de tassen fol flessen, pûden apels, hompen tsiis en de rol wc-papier dy't dan krekt nét ûnder de earm past. Ik sjou my in breuk. Dêrom bin ik o sa bliid mei myn nije hobby: de besoarchtsjinst fan myn pleatslike supermerk.

Fitte jonge keardels sjouwe de boadskippen linich de treppen op en sette se foar ús op it oanrjocht del. Lege flessen nimme se ek wer mei werom. It kostet in pear sinten mear, mar it jild foar de besoarging fertsjinje ik wer werom trochdat ik my op de ympuls-oankeapen yn de winkel besparje.

Lekker lúkse, soene je tinke en o sa modern, sa'n thúsbesoargingstsjinst. No, dat falt ta. Dan wienen myn beppes hypermoderne froulju. Sy krigen de boadskippen mear as sechstich jier lyn nammentlik ek al wykliks thús besoarge.

Oan it begjin fan de wike kaam de winkelman by myn beppe Braam yn Hallum del om de 'boadskippen op te nimmen', sa't dat hjit. "Goeiedei frou Braam", wie it dan, ''moatte jo ek sûker ha? En moal? En bûter?" En dan neamde hy sa folle mooglik produkten op. ''En ik ha ek noch wat yn de oanbieding, frou Braam!'' De beste man woe fansels wol wat ferkeapje. In pear dagen letter kaam er it spul dan bringen. De bern fleagen dan altyd nei de doaze mei it brochte spul ta omdat de boadskippeman der altyd wat lekkers by die. In roltsje drop bygelyks.

Dat is tsjintwurdich trouwens ek wolris sa. Dat se der soms wat by dogge. Dêr siet lêstlyn in pûde brune beane by myn bestelling. Wat wolle je noch mear. En dizze wike in pear fleskes alkoholfrij Spaansk bier dat sa swiet wie dat we der hast akút fan yn in sûkerkoma rekken. Mar dochs aardich.

By de buorkerij fan myn oare beppe kaam net allinnich boadskippeman Lieuwe op de fyts del om kristalsûker, pakjes Blue Band en sûkelaadsjes foar it wykein lâns te bringen. Ek Herre mei de Kedde kaam dêr it sânpaad op. Herre wie de brij-man en de kedde wie syn lytse hynderke.

Herre hie molkbussen mei suvel by him. Mei in kraantsje liet er sûpengroattenbrij sa út de molkbussen yn de flessen fan ús beppe rinne. Winters wie syn brij wol ris beferzen, dan kaam er by ús beppe foar de kachel sitten om te ûntteien.

En dan wie der noch Jan Bakje. Dat wie in man mei ferskate bakjes yn syn fyts. Der hie er naaiguod en knopen en dat soart spul yn. En dan wie der ék noch de bakker op syn bakkersfyts, mei de bôlen en de broadsjes foarop yn de koer. Sa as myn pake Willem. Wat sil dat lekker rûkt ha. Hiene se doe goed besjoen, mei al dat farske guod oan hûs.

En dan ha ik it noch net iens hân oer de 'versmobiel ondernemer'. De SRV-man. Mar dêroer folgjende wike mear. Goed wykein!"

Nynke Sietsma is freelance sjoernaliste foar ferskate kranten en tydskriften. Nynke is hikke en tein yn De Rottefalle, mar wennet no yn Den Haach. Har kollums geane oer it daagliks libben of wat har ek mar ferwûnderet. Se is te folgjen op Twitter.

Trefwurden: 
De Toan fan Nynke Sietsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)