Martijn Barto: ''Dit blijft me mijn hele leven bij''

03 mrt 2017 - 00:45

Swiere teloarstelling by de spilers fan Cambuur tongersdeitejûn. De Ljouwerters ferlearen nei strafskoppen (3-2) yn Alkmaar fan AZ. Cambuur hie in goede kâns op de finale, mar ferskate spilers misten har penaltys. Sa ek Martijn Barto. ''Het was veel te zacht ingeschoten'', sa seit er. ''Ik dacht dat ik de bal goed schoot, maar ik miste de penalty. Wat tegen Utrecht wel lukte, ging vanavond niet. We hadden zo gehoopt de finale te halen, maar het was vanavond niet genoeg. Dit blijft me mijn hele leven bij, dit is geen pretje.''

Doelpunt ôfkard

Ek by keeper Leonard Nienhuis wie de ferbjustering dúdlik te sjen. Hielendal neidat de fideoskiedsrjochter derfoar soarge dat de goal fan AZ ôfkard waard. ''Ik liep naar de scheidsrechter toe en zei: dit was niet goed. We hebben geprotesteerd en daarna werd de goal afgekeurd.''

''Nu hebben we niks''

Dochs wie it net genôch om in finaleplak feilich te stellen. Nei penaltys wienen de manlju út Alkmaar dochs better. ''Nu pakte ik één penalty en hoopte ik dat het genoeg was'', sa seit Nienhuis. ''Maar als je dan drie van zulke penalty's neemt, dat mag niet, dan verlies je. Dat was gewoon niet goed. Het is ongelofelijk. Ook omdat je zelf een goede pot speelt, dan wil je naar de Kuip toe. Maar ja, nu hebben we niks.''

''Komt hurd oan''

''It komt hiel hurd oan'', sa sei Sipke Hulshoff nei ôfrin fan de wedstriid. ''Ik bin wol hiel grutsk op myn jonges. Leonard hat ús yn de wedstriid hâlden en doe't AZ dy penaltys miste, wienen wy hiel tichteby. Oant en mei de lêste sekonden wie it spannend. Dizze wedstriid sil my noch hiel faak troch de kop gean.''

Trefwurden: 
SC Cambuur AZ fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)