Cambuur ferliest nei penaltys yn heale finale fan AZ

02 mrt 2017 - 23:32

It is SC Cambuur tongersdeitejûn net slagge de finale fan de KNVB beker te heljen. AZ út Alkmaar wie yn eigen hûs nei penaltys mei 3-2 te sterk foar de Ljouwerters. Beide teams setten goed útein, en AZ wie yn de earste helte de sterkere ploech mei mear balbesit. Dit betsjutte lykwols net dat Cambuur neat yn te bringen hie. Al fuortendaliks yn it earste kertier krigen de Ljouwerters in pear goeie kânsen om de 1-0 te meitsjen.

Sa stie Van de Streek al yn de tsiende minút each yn each mei AZ-keeper Tim Krul. Mar de middenfjilder krige de bal net ûnder kontrôle. Ek Barto koe yn de 23ste minút de bal krekt net tusken de peallen krije. De bal rôle krekt foar de goal del. Oan de oare kant koe keeper Nienhuis syn doel skjin hâlde mei inkelde goeie yngrepen. Sa pakte er in skot fan Garcia yn de 19de minút. 

Megakânsen

Nei de rêst krigen sawol Cambuur as AZ inkelde megakânsen om op foarsprong te kommen. Mar in prachtige rêding fan Krul op it skot fan Hoefdraad en in flater fan Friday soargen derfoar dat de stân op 0-0 bleau. AZ besocht hjirnei de druk op Cambuur op te foeren, en koe hjirtroch inkelde tige grutte kânsen kreëarre, mar de goal bleau út.

Yn blessueretiid like de finaledream fan Cambuur op neat út te rinnen doe Wuytens mei in kopbal de 1-0 skoarde. Mar ta fernuvering fan de Alkmaarders waard de goal ôfkard mei help fan de fideoskiedsrjochter. Net folle letter fluite skiedsrjochter Blom foar in ferlinging. 

Ferlinging

Yn de earste helte fan de ferlinging bleau it oerwicht fan AZ dúdlik. Hiele grutte kânsen op in doelpunt wienen der lykwols net. Yn it twadde part waard AZ hiel driigjend. Nienhuis moast yn de 107de minút geweldich rêde op in hurd skot fan de thúsploech. Dêrnei wienen de rollen omdraaid. Nei in oertrêding fan Van Eijden moast de Alkmaarder it fjild mei read ferlitte. De frije trap fan Bakker einige yn de muorre. Nei in pear spannende lêste minuten mochten de ploegen oan penaltys begjinne.

Penaltys

De earste penalty fan Wuytens sette AZ op in 1-0 foarsprong. In geweldige strafskop fan Bakker makke de stân wer lyk. Nienhuis pakte prachtich de twadde penalty fan de Alkmaarders, mar Schilder trape de bal metersheech oer it goal. De tredde strafskop fan Johanson knalde op 'e peal, wêrnei't Van der Streek de stân op 1-2 sette. AZ skoarde de fjirde penalty en de fjirde strafskop fan Cambuur gie wer oer de goal. Weghorst fan AZ skoarde de 3-2, wêrnei't Barto miste en de winst nei AZ gie.

(Advertinsje)
(Advertinsje)