Himpkwekerij yn Wolvegea

25 okt 2011 - 10:00
Foto: Omrop Fryslân

De plysje hat moandeitenacht yn in gebou oan de Magnesiumwei yn Wolvegea in himpkwekerij fûn. Der wie in tip ynkaam dat ynbrutsen wurde soe yn it gebou. Mar doe't de plysje oankaam, wie der net ien mear. Der wie wol in doar iepenbrutsen.

Doe't de plysjes op ûndersyk út giene, fûnen se de kwekerij. Der stie allinne noch apparatuer, de planten wiene al fuort.

(Advertinsje)
(Advertinsje)