Auto botst tsjin twa skiep by de Grutte Wielen

02 mrt 2017 - 21:50
Foto: Kappers Media

Skrikke foar in automobilist op de N355 by de Grutte Wielen by Ljouwert tongersdeitejûn. Dêr rûnen twa skiep op 'e dyk. De automobilist koe de bisten net mear ûntwike en kaam mei se yn botsing. De bisten hawwe it ûngelok net oerlibbe. De auto moast fuortsleept wurde.

De dyk yn de rjochting fan Ljouwert is koarte tiid ôfsluten om de auto en de skiep fuort te heljen. It is noch net bekend wêr't de skiep krekt weikaam binne, en hoe't se op de dyk bedarje koene.

Trefwurden: 
skiep Grutte Wielen botsing
(Advertinsje)
(Advertinsje)