Appelskeaster (39) mishannelet buorfrou: wurkstraf

© ANP
In 39-jierrige frou út Appelskea hat in wurkstraf fan tritich oeren ûnder betingst krigen foar mishanneling. De frou hie har buorfrou by it hier pakt. De froulju hienen rûzje krigen oer in bulte ôffal dat troch de fertochte op de stoepe fan it slachtoffer set wie. De fertochte sei dat se de dei dêrnei it ôffal nei it stoart bringe soe. Doe't se in dei dêrnei werom kaam, lei it guod achter har auto. De situaasje eskalearre doe't de buorfrou nei bûten kaam en tsjin de fertochte rôp dat se har guod by har hâlde moast.
Nei dit punt hawwe beide froulju in eigen ferzje fan wat der bard is. Neffens de fertochte kaam har buorfrou mei in stoel yn de hân nei bûten ta. It slachtoffer seit lykwols dat de fertochte in stik hout nei har smiten hie. Hjirnei hat de fertochte de buorfrou tsjin de grûn wurke en har by it hier pakt. Dit joech de fertochte yn de rjochtbank ek wol ta, mar se seit sels dat dit selsferdigening wie. De rjochter lei de frou in straf ûnder betingst op om werhelling foar te kommen.