Omrop Fryslân presintearret: de caravanrace yn Blauhús

© Rararacing.nl
De measte racefans yn Fryslân sjogge der elk jier wer nei út: de spektakulêre Kings Battle yn Blauhús. Elk jier sit Speedway Blauhús wer fol mei racefanatisy dy't mei in soad wille mei de autocrossers meilibje. Dit jier wurdt it spannende evenemint útwreide mei wat nijs: de Omrop Fryslân caravanrace.
Meidwaan?
It idee foar de Omrop Fryslân caravanrace is ienfâldich: wa rydt it langst mei de hiele caravan oer it parkoers en wint de Omrop-bokaal? Wolsto ek graach mei dyn caravan oer de baan crosse? Opjaan foar de race kin hjir. Besjoch hjir ek de regleminten fan de Omrop caravanrace.
Live op Omrop Fryslân
Omrop Fryslân is dit jier ek foar it earst live by de Kings Battle yn Blauhús. Alle wedstriden binne live te folgjen op telefyzje en online fia de webside fan de Omrop en de Omrop-app. Hâld ek de spesjale race-pagina yn ‘e gaten foar mear ynformaasje.