Auto bedarret yn 'e sleat tusken Ternaard en Easternijtsjerk

02 mrt 2017 - 19:26
Foto: De Vries Media

In autobestjoerder is tongersdeitejûn op de N358, tusken Ternaard en Easternijtsjerk, mei de auto op 'e kop yn de sleat bedarre. It ûngelok fûn plak njonken de Nesserwei. It is net bekend oft de bestjoerder by it ûngelok ferwûne rekke is. In ambulânse wie op it plak fan it ûngelok om it slachtoffer te kontrolearjen.

It ferkear op de N358 hie koarte tiid lêst fan fertraging troch it ûngelok.

(Advertinsje)
(Advertinsje)