Friesland College krijt predikaat sûne skoalle

02 mrt 2017 - 18:29
Griente

It Friesland College mei har offisjeel in sûne skoalle neame. De skoalle krige fan it Voedingssintrum it predikaat 'Gezonde School'. It predikaat jout oan dat de skoalle sawol sûn iten yn de kantine hat, as dat der yn de lessen in protte omtinken is foar sûnens en sûn iten.

Neffens de skoalle is dit keurmerk benammen bysûnder om't it beheljen derfan foar in grut part te tankjen is oan de studinten. Under begelieding fan dosinten en coaches liede de studinten fan Hoareka, Hannel en Soarch, Service en Wolwêzen nammentlik alle dagen de kantinen yn de skoalle.

Trefwurden: 
Friesland College sûn iten
(Advertinsje)
(Advertinsje)