Brúnfisk oanspield op Harnzer strân

De brúnfisk is oanspield op it strân fan Harns © GinoPress B.V.
By Harns is tongersdeitemiddei in brúnfisk oanspield. In frou hie de 1 meter 80 lange brúnfisk lizzen sjoen en warskôge de biste-helptsjinst. Dy konstatearre dat it bist al dea wie en hat de lytse walfisk meinommen
Hoe't it bist krekt op it Harnzer strân bedarre is en hoe't er deagien is, is net bekend. Brúnfisken komme gewoanwei net foar yn ûndjip wetter lykas dat fan de Waadsee.